Kenneth Otibga tekenet by Ferencváros

04 jun 2017 - 10:48

Kenneth Otigba ferlit definityf SC Hearrenfean. De ferdigener tekenet in kontrakt foar trije jier by Ferencváros yn Hongarije. Dêrmei keart Otigba werom yn it lân dêr't er opgroeid is. Otigba waard it ôfrûne seizoen ferhierd oan Kasimpasa yn Turkije. Hy hie noch in kontrakt foar in jier by SC Hearrenfean.

De 24-jierrige Otigba spile al sûnt syn 15de by SC Hearrenfean. 

(advertinsje)
(advertinsje)