FIDEO: Drummers yn Tuimelaarsbosk

Sneon wiene it net allinnich de fûgels dy’t fan har hearre lieten yn de Tuimelaarsbosk fan Oranjewâld. “Slachwurk is it oerynstrumint fan de minsk,” seit Tatiana Koleva. Tegearre mei de slachwurkers fan de Youth Percussion Pool nimt se in groep festivalbesikers mei op in kuiertocht troch de bosk.
“Annanas, appel, peer, banaan....druif!” Sa lit se it publyk fiele wat ritmyske patroanen yn minimal music binne. Fan Steve Reich spylje se Clapping Music for Pieces of Wood en Drumming. En tusken de beammen klinkt muzyk fan Steve Reich en Iannis Xenakis.

Omrop Fryslân op it Oranjewoud Festival

It Oranjewoud Festival is in festival dêr’t in breed publyk him thús fielt: fan klassike muzyk- en kultuerleafhawwers, oant hipsters of húshâldingen mei bern. Muzikale foarstellingen fan hege kwaliteit foarmje de basis fan it festival. De leechdrompelichheid fan it festival makket it tagonklik foar in grut publyk. Sjoch foar de reportaazjes op www.omropfryslan.nl/oranjewoudfestival