228 autopetters geane de alve stêden by del

04 jun 2017 - 10:31

Peter Visser en Mario Reijne hawwe sneontejûn yn Boalsert it startsein jûn foar de 32e edysje fan de autopetalvestêdetocht. Beide dogge dit jier al foar de tritichste kear mei. Oan de start yn Boalsert stiene 228 dielnimmers. Oant no ta is der noch mar ien útfaller. Dy hâlde yn Harns op, omdat er net genôch traind wie.

Neffens foarsitter Robert Witteveen binne de waarsomstannichheden goed foar de autopettocht. "De sfear is goed. It is in graad of 16 en we rinne foar op skema." Op sneintemoarn om 6 oere hinne passearden de measte steppers de stêd Dokkum.

(advertinsje)
(advertinsje)