Plysje set biste-aktivisten mei de taksy fan Skiermûntseach

De plysje hat sneontenacht fiif biste-aktivisten mei de wettertaksy fan it eilân Skiermûntseach set. De biste-aktivisten wiene op it eilân om aksje te fieren tsjin it Kallemooifeest. By dat feest wurdt in hoanne op in peal set, dy't omheech lutsen wurdt. It bist krijt dêrby fretten en drinken mei. Boppedat is der alle jierren in bistedokter by, dy't de sûnens fan de hoanne yn de gaten hâldt. Neffens de eilanners hat de Kallemooi-hoanne it dêrtroch in stik better as de trochsneed hin.
'Hanenhel'
De aktivisten binne fan betinken dat it om in achterhelle tradysje giet, dy't fanwege 'ûnnedich bisteleed' yn striid is mei de wet. Sy sprekke dêrom fan in 'Hanenhel'. Fjouwer aktivisten hiene harren dêrom mei kettingen fêstmakke oan de peal, dy't al klear lei om omheech hysd te wurden. In fyfde aktivist woe dat ek dwaan, mar waard tsjinhâlden troch in eilander.
De biste-aktivisten waarden mei in grutte skjirre wer fan de peal losknipt. Ien fan de aktivisten, Dimitri Westerveld, rekke dêrby neffens eigen sizzen licht ferwûne oan syn hân. Troch de aksje fan de aktivisten is de hoanne mei in heal oere fertraging omheech gien.
Agressyf
De plysje hat de biste-aktivisten meinommen nei it plysjeburo en 'yn it belang fan harren eigen feilichheid' op de wettertaksy set nei de fêste wâl. De kosten fan de wettertaksy moatte de aktivisten letter wol wer sels werom betelje.
De biste-aktivisten hiene yn't foar gjin tastimming frege foar de aksje. It giet om aktivisten út alle dielen fan Nederlân. Neffens wurdfierder Dimitri wie de sfear by it losknippen fan de biste-aktivisten 'agressyf'. Hy is is ek min te sprekken oer de behanneling troch de plysje. Hy freget him ôf oft it samar kin, minsken fan in eilân sette.
It is foar Dimitri al de twadde kear dat er fan it eilân set wurdt. Hy is fan doel om troch te gean mei aksjefieren oant dat de Kallemooi-tradysje ôfskaft wurdt.
Boargemaster: 'Verantwoorde traditie'
Boargemaster Stellingwerf neamt Kallemooi in 'verantwoorde traditie, met veel aandacht voor dierenwelzijn'. Neffens him is op it eilân in goed lykwicht berikt tusken tradysje en de nije ideeën oer bistewolwêzen. Stellingwerf neamt it 'teloarstellend' dat de aktivisten net yn't foar kontakt mei him socht hawwe.