Marrit van der Wal wint fierljeppen Burgum mei bêste sprong

Marrit van der Wal hat sneontejûn by de Eelke Scherjon Memorial yn Burgum de bêste seizoensôfstân ljept. Se sprong 17.13 meter. It is de earste sprong oer de 17 meter dit seizoen. Twad by de froulju waard Melanie Heins mei 14.78 meter. Akke Talsma waard tredde mei in sprong fan 14.54 meter.
Brûnzen snor
Nard Brandsma wûn de wedstriid by de topklasse senioaren mei in sprong fan 20.33 meter. Hy wûn dêrmei de brûnzen snor, de priis foar de winner fan de Eelke Scherjon Memorial. Hy wie Age Hulder (19.90 meter) en Hannes Scherjon (19.76 meter) de baas. Brandsma wie foarige wike ek al de bêste yn Winsum.
Junioaren
By de junioaren gie de winst nei Bobby Zwaagman. Hy ljepte 17.98 meter. Twad waard Rutger Piersma mei 17.57 meter. It tredde plak wie foar Jetse Bokma (17.18 meter).
Jonges
Jarich Wijnstra wûn de wedstriid by de jonges. Hy sprong in knappe 17.62 meter. It twadde plak wie foar Wytse Nauta (17.37 meter) en it tredde plak foar Thys Jan Bootsma (15.51 meter).
Famkes
By de famkes wie Bente Vlas de bêste mei in ôfstân fan 13.74 meter. Tirza Boschma waard twadde (13.07 meter), foar Gerbrich Steensma (12.89 meter). Dizze edysje fan de Eelke Scherjon Memorial wie it earste lustrum. It is fiif jier ferlyn dat Scherjon ferstoarn is.