Elma de Vries is kampioen punte-ôffalkoers by NK skeelerjen

03 jun 2017 - 19:19
Foto: Glenn Wassenbergh, Timsimaging.nl

Elma de Vries fan De Haule is sneontejûn Nederlânsk kampioen op de punte- en ôffalkoers wurden. Se bleau Gerline Crediet en Bianca Roosenboom foar. It is it twadde goud foar De Vries by it NK skeelerjen op It Hearrenfean, nei't se freed de ôffalkoers ek al wûn.

By de manlju wûn Ruurd Dijkstra fan Nijeholtwâlde it brûns. Hy finishte efter Crispijn Ariën en Luc ter Haar. Dijkstra wûn freed ek it sulver op de ôffalkoers.

Trefwurden: 
skeelerjen Elma de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)