Blokhutte Sparjebird by De Himrik wer klear foar de takomst

03 jun 2017 - 18:08

Blokhut Sparjebird by De Himrik is klear foar de takomst. De twa ûndernimmers Marwin Coehoorn en Marcel Annema hawwe de hut folslein opknapt. Dêrtroch bliuwt it plak behâlden foar bygelyks skoalklassen dy't yn de spultsjeswike op kamp komme by Sparjebird.

Sûnder de beide ûndernimmers hie it 'einde verhaal' west. Under de eardere pachter wie it gebou hielendal fersutere, wêrnei't eigener Staatsbosbeheer der fan ôf woe. Beide ûndernimmers hapten ta. Se ha der beide as bern west en trije jier lyn is Annema sels yn de blokhut troud.

Coehoorn en Annema wolle dat it gebou út de jierren 60 wer in plak fol libben wurdt. Njonken in hapke ite, moat Sparjebird ek in plak wurde foar feestjes, gearkomsten en skoalreiskes. Sneon wie de offisjele iepening fan it gebou.

Trefwurden: 
Sparjebird De Himrik
(advertinsje)
(advertinsje)