Froulju en bern ûntflechtsje flatwenning nei keukenbrân

03 jun 2017 - 17:03

Trije froulju en trije bern, ûnder wa in lytse poppe, moasten sneontemiddei har wenning oan de Schieringerwei yn Ljouwert ûntflechtsje fanwege in brân. Dy ûntstie yn de keuken fan it appartemint yn de flat. De brânwacht skaalde op nei middelbrân. It fjoer wie gau ûnder kontrôle. De brânwacht hat de wenning en de portyk fentilearre.

Ambulânsepersoniel hat de bewenners kontrolearre, mar de bewenners hoegden net nei it sikehûs.

Trefwurden: 
brân Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)