Arsjitekt Piet de Vries betocht mei boek en tentoanstelling

De Stichting Piet de Vries stiet fan 16 juny ôf stil by it ferstjerren fan arsjitekt Piet de Vries. De twa jier nei syn dea oprjochte stichting stiet fan 16 juny ôf stil by it wurk fan De Vries mei in boek en twa tentoanstellings. Ek it hûs dêr't hy wenne en wurke oan de Druifstreek yn Ljouwert krijt de offisjeele status Piet de Vries Hûs.
It is dit jier 25 jier lyn dat de Fryske arsjitekt Piet de Vries ferstoar. De Vries is it meast bekend fan it Hooglandgemaal yn Starum. Mar syn neitlittenskip bestiet út hûnderten hûzen en gebouwen. Bygelyks it gemeentehûs fan Burgum, dat is ek fan syn hân. Mar ek in hiel soad publyksgebouwen en skoallen binne fan Piet de Vries. Yn Tresoar en it Historisch Centrum Leeuwarden binne de twa tentoanstellings en wurdt in boek presintearre.