FIDEO: Kamminga wurket oan comeback nei sportive burn-out

Se wie oertraind, of sa as se sels seit: se hie in sportive burn-out. Manon Kamminga, inline-skater en reedrydster hat twa jier lang folop wedstriden riden, wylst se dat eins net oan koe. Deawurch wie se. Somstiden lei se in wikelang op bêd nei in wedstriid. Mar no giet it better. Se hat seis wiken yn Amearika west by har freondinne Brittany Bowe, de Amerikaanske reedrydster, en hielendal neat dien.

Se moat noch fan fier komme, mar se docht gewoan wol wer mei oan skeelerwedstriiden. Lykas freed op it Nederlânsk Kampioenskip op It Hearrenfean, dêr't se tredde waard op de ôffalkoers.