Hûnderten minsken by prikkelearme merke op It Hearrenfean

03 jun 2017 - 12:31

De prikkelearme merke op it Hearrenfean is in sukses. Der binne hûnderten minsken op ôfkaam. De Pinkstermerke sette sneontemoarn, spesjaal foar minsken mei in beheining as autisme of epilepsy, útein mei minder ljocht en lûd. Hielendâl út kin it by guon attraksjes net, en sa bliuwt it merkegefoel ek oerein. Op de merke komme net allinne minsken mei in beheining, mar ek in soad famyljes mei jonge bern ôf. In besite oan de merke makket op guon minsken sa'n soad yndruk dat se der noch in skoft fan slach fan binne.

Troch minder lûd en ljochtprikkels kinne se der better oer en dus ek langer genietsje. De organisaasje is entûsjast en wol it folgjend jier opnij organisearje. Se hoopje dan op noch mear besikers, bygelyks ek âlderen.

(advertinsje)
(advertinsje)