Friezen kieze Dance of the Knights as moaiste klassike stik

03 jun 2017 - 12:00

Klassike muzyk rekket dy! Dêrom koenen Friezen de ôfrûne wiken stimme op harren favorite klassike muzykstik. De muzyklist waard gearstald troch it Nederlands Blazers Ensemble. Yn it programma Op & Ut op Omrop Fryslân Radio waard sneontemiddei de top trije bekend makke fan de meast favorite klassike stikken.

1. Prokofiev “Dance of the Knights” út Romeo & Julia
2. Bach “Mattheus Passion Ouverture”
3. Mozart “Gran Partita”

Moandei om 16.30 oere spilet it Nederlands Blazers Ensemble it muzykstik op it slotkonsert fan it Oranjewoud Festival. It konsert is live te folgjen fia dizze livestream.

Omrop Fryslân oanwêzich

Njonken it slotkonsert binne der ek Proeftuin Classics te sjen op sneon 3 juny om 17.00 oere en op snein 4 juny om 12.00 oere. Ferslachjouwer Miranda Werkman docht op radio en telefyzje ferslach yn Sneon- en Snein yn Fryslân tusken 13.00 en 18.00 oere. Fideoreportaazjes fan it festival binne hjir te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)