UPDATE: Fytstunnel yn Frjentsjer bekladdere mei heakkekrús

In fytstunnel yn Frjentsjer, dy't mei help fan de buert opkreaze is, is bekladdere mei in heakkekrús. Ek is de tekst 'Hitler666' achterlitten. It opkreazjen fan de tunnel is in projekt fan keunstner Karin van Berne. Dy hat fan de grize tunnel in ûnderwetterwrâld makke. By it meitsjen fan it ûntwerp dêrfoar hat se help krigen fan buertbewenners en skoalbern.
It beskilderjen fan de tunnel wie krekt klear. Wa't ferantwurdlik is foar de fernielings, is net bekend.
Skjinmakaksje
Yn Frjentsjer is neffens Franeker Actueel mei ferûntweardiging reagearre op de graffity. In oantal buertbewenners ha it heakkekrús en de tekst ferwidere. Se krigen dêrby help fan ûnder oare in skjinmakbedriuw út de stêd, dy't spontaan middelen oanbea om mei skjin te meitsjen.