Hoe moatte wy flechtlingebern opfange?

03 jun 2017 - 10:33

Basisskoallen moatte flink sykje as se nijkommers, bern fan flechtlingen, op skoalle krije. Wat is de bêste wize fan opfangen? Is it better earst de taal te learen en dan te yntegrearjen, of moat it tagelyk? Wat foar lesmateriaal is der beskikber? Boppedat krije skoallen pas ekstra jild as se mear as fjouwer nijkommers hawwe. Feikje Toering is direkteur fan fjouwer basisskoallen fan Stichting Gearhing. Sy fynt dat der op regionaal nivo in plan klearlizze moat en dat der mear jild beskikber komme moat.

Buro de Vries dûkt snein yn de bredere problematyk oangeande de yntegraasje fan flechtlingen. Dan giet it net allinne oer ûnderwiis, mar ek oer de syktocht fan frijwilligers dy't flechtlingen helpe. Hoe kinne wy nijkommers har thúsfiele litte yn Fryslân?

(advertinsje)
(advertinsje)