Wurksumheden op it spoar: bussen fan Ljouwert nei Hurdegaryp

03 jun 2017 - 09:25

Wa't mei de trein nei Grins wol, moat dit wykein rekken hâlde mei in langere reistiid. Fanwege wurk oan it spoar tusken Ljouwert en Hurdegaryp ride der op dat stik gjin treinen, mar bussen. Nei Hurdegaryp kin der mei de stoptrein fierder reizge wurde. Neffens Arriva kin dat sa'n 15 oant 30 minuten ekstra reistiid betsjutte.

De ferfierder warskôget ek dat fytsen nei mei kinne en dat jildt ek foar minsken yn in rolstoel. Dy lêsten kinne by de klanteservice fan Arriva in spesjale taksy regelje. De ekstra reistiid jildt oant en mei moandeitejûn.

It wurk oan it spoar hat ek gefolgen foar it ferkear op de dyk. Yn Ljouwert kin de spoarweioergong yn de Pieter Stuyvesantwei net brûkt wurde. Dêr is foar in omliedingsrûte soarge. Tiisdeitemoarn betiid is it wurk klear.

(advertinsje)
(advertinsje)