Kollum: ''Gordon Ramsay en Paul Raveneau''

03 jun 2017 - 09:00

''Jim sille grif allegearre wolris fan Gordon Ramsay heard ha. De measten fan jim sille minder bekend wêze mei Paul Raveneau. Dochs ha dizze beide manlju oerienkomsten. Mar dêroer letter mear.

Telefyzjekok Gordon Ramsay is wrâldferneamd. Dochs tink ik dat jim him allinnich mar kenne troch syn programma’s op de buis en net om wa’t er is en wat er dien hat. Want Ramsay is gjin prutser, kin ik jim melde. Hy is berne yn Skotlân en komt út in dreech gesin. Syn heit wie oan de drank en dy mishannele syn mem. Syn broer wie oan de heroïne. De jonge Gordon woe fuort en fuotballer wurde. Hy skopte it oant de twadde league yn Ingelân oant er blessearre rekke en dat koe net wer better. Dêrnei bedarre er yn de hoareka. En net ûnfertsjinstlik. Hy boude oan in ympearium en wie de earste Skotske kok dy’t in restaurant mei trije Michelin stjerren by elkoar kôke en bakte. In winner dus.

Hy is sûnt 2004 op de TV te sjen yn in ferskaat oan programma’s. Miljoenen minsken sjogge dêrnei. Ien fan syn ferneamste shows is dêr’t er nei restaurants giet dy’t hast fallyt binne. De siel is der yn dy útspannings totaal út. Troch syn eigenwize oanpak waait der in nije wyn troch de saak en sa besiket er it op in heger peil te krijen. Dat giet hurd om hurd. Hy is net maklik, flokt de eigeners en it personiel de hûd fol as se yn syn optyk net genôch harren bêst dogge. Mei as achterlizzend doel om de minsken te motivearjen en te stimulearjen.

As dy lju dan sjogge dat der resultaten boekt wurde en de klanten de loop nei harren saak wer krije, har Ramsay syn wurk dien en lit de saak wer allinnich. Mei eigeners en personiel dy’t der hurder oan lûke en sterker yn de skuon steane. En ja, guon kinne dat net oan en falle ôf. As je trije Michelin stjerren fertsjinne ha, witte je wol ûngefear wat der foar nedich is om de top te berikken.

Dizze wike foelen in soad minsken oer in filmke dat sjen liet hoe’t trainer Paul Raveneau yn de turnhal fan Sportstad Heerenveen in pear jeugdspilers it mannewaar opsei omdat se yn de eagen fan de trainers net goed genôch harren bêst dien hienen. Dat gie op de Gordon Ramsay wize, allinnich dan sûnder de fuck dit en fuck dat. Mar wol stevich. Te stevich, neffens in soad online reaksjes. Dy basearren har op in filmke fan in pear minuten, sa as dat tsjintwurdich gewoan liket te wurden.

No ha ik yn de tiid dat Foppe de Haan wer even tydlik trainer fan SC Hearrenfean wie, wolris wat langer de trainings fan Tjalling van den Berg en syn assistinten folge. Ik ha der ek wol oer skreaun. Dy metoade is hurd, mar fair. Opset is om minsken ynsjen te litten dat se hurd wurkje moatte om de top te berikken. Om harren mentaal sterk te meitsjen. De earste kear dat ik in hân fan Van den Berg krige, luts er dy mei in ruk nei him ta. Ik stroffele hast en hy lake my út. De folgjende kear binne jo op jo iepenst en ferrifelet hy je net wer. Samar in lyts foarbyld fan in training dy’t yn topfuotbal goed fan pas komt. Klear wêze op in ûnferwachte triuw en dan stabyl stean bliuwe. It je der bewust fan wurde dat it elts momint barre kin. Op je iepenst wêze.

Paul Raveneau sei de spilers op net mis te fersteane wize dat se der in potsje fan makke hienen. Mei as doel harren de folgjende kear better prestearje te litten. En as de reagearders miene dat soks allinnich yn Sportstad bart? No nee. It hat jierren sa west dat de fertsjintwurdigjende Nederlânske jeugdteams Europeesk besjoen neat te melden hienen. De Portugezen wienen folle folwoeksener, om mar in foarbyld te neamen. Dat hie alles mei striidbere ûntwikkeling te krijen. De oer myn lyk mentaliteit. Dy krije jo troch der op te trainen. Topsport is snoeihurd. As je dêr net oer kinne, moatte je rekreatyf baljen gean.''

(advertinsje)
(advertinsje)