Hiemstra foar twadde kear Nederlânsk Kampioen sweeffleanen

03 jun 2017 - 08:30
Foto: Willemijn de Lange

De yn Easterwâlde berne Frank Hiemstra is foar de twadde kear Nederlânsk Kampioen sweeffleanen wurden. By it kampioenskip moatte fleaners sân dagen lang in trajekt sa fluch mooglik ôflizze. It giet dan om ôfstannen fan tusken de 200 en 600 kilometer. Frank Hiemstra slagge der yn om al dy ôfstannen ek te folbringen, wylst sommige oare fleaners healwei har sweeffleantúch oan 'e grûn sette moasten. Mei-elkoar dienen der 45 fleaners oan it kampioenskip mei.

Frank Hiemstra is lid fan de Friese Aero Club yn Ljouwert, dêr't er op 14-jierrige leeftyd mei fleanen begûn. Ek de Friezen Roelof Corporaal en Patrick van Breemen-Schneider hellen in priis by it kampioenskip.

(advertinsje)
(advertinsje)