Popband Katie Koss wint Kleine Prijs van Fryslân

© Denise Janssen
Popband Katie Koss is winner wurden fan de Kleine Prijs van Fryslân fan dit jier. Neffens de sjuery binne de moaie stim fan sjongeres Katja en de grutte potinsje fan de band de reden foar it winnen. De Kleine Prijs van Fryslân neamt himsels dé talintewedstriid foar popmuzyk yn ús provinsje.
Katie Koss naam it yn de finale yn Iduna yn Drachten op tsjin fiif oare bands. Al dy bands hienen har yn foarrondes pleatst foar de finale. De winner mei foar 1.500 euro studio-opnames meitsje en optrede op in tal festivals yn Fryslân, wêrûnder Freeze en it Bevrijdingsfestival.