Brânwacht yn aksje foar brân yn sûpkeet by Wier

03 jun 2017 - 07:27
Foto: Twitter @BrandweerMenaam

De brânwacht fan Menaam moast freedtenacht yn aksje komme foar in brân yn in sûpkeet yn Wier. De brânwachtminsken krigen krekt nei fjouweren in melding en rieden dêrnei út nei de keet oan de Lautawei. It fjoer wie rillegau ûnder kontrôle, mar it hok is wol folslein ôfbrând.

Hoe't de brân yn de sûpkeet krekt ûntstien is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
brân brânwacht Wier sûpkeet
(Advertinsje)
(Advertinsje)