FNP Achtkarspelen wol út mobiliteitssintrale stappe

De FNP yn Achtkarspelen wol it taksyferfier yn dy gemeente net langer mienskiplik oanbesteegje mei fiif oare gemeenten út Noardeast-Fryslân. De partij sil alle war dwaan om út de saneamde mobiliteitssintrale te stappen.
De kâns dat dat slagget, is allinne mar grutter wurden no't de rjochter bepaald hat dat de oanbestegingsproseduere foar it doelgroepeferfier fan de fiif gemeenten opnij moat. Taksybedriuw Waaksma hie in koart pleit dêroer wûn.