Húsartsen skeptysk oer miljoene-ynjeksje

03 jun 2017 - 07:06

It is in moaie earste oanset, dat de húsartsen tsientallen miljoenen euro's derby krije om de wurkdruk te ferleegjen, mar it is noch mar de fraach oft it wol genôch is. Dat seit húsarts Brent Bearda Bakker fan Akkrum. Hy sit yn it bestjoer fan de Fryske ôfdieling fan de Nederlânske húsartseferiening.

Húsartsen meie takom jier foar tsientallen miljoenen euro's mear soarch ferliene. De artsen ha it hieltyd drokker, omdat âlderen en ek pasjinten mei psychyske problemen langer thús wenjen bliuwe. It is ôfwachtsjen foar hoefier't it ekstra jild dy problemen echt oplost, seit Bearda Bakker. 

Minister Edith Schippers fan Folkssûnens hat mei de húsartsen, pasjinten en soarchfersekerders om tafel west. Se ha ôfpraat dat it budzjet foar de húsartsen yn 2018 mei 2,5 persint omheech giet, nei yn totaal fan 3,5 miljard euro. 

(advertinsje)
(advertinsje)