Nije staking by Holland Casino Ljouwert

02 jun 2017 - 21:11

By de fêstiging fan Holland Casino yn Ljouwert wurdt fan freedtejûn 22.00 oere ôf it wurk dellein. De wurknimmers stake foar in bettere cao. De aksje duorret oant de ein fan de freedstsjinst. Ek by alle oare fêstigingen fan Holland Casino wurdt freedtejûn staakt.

Earder freed waard troch de fakbûnen al drige mei in staking. Se stride al wiken foar in bettere coa foar it personiel fan Holland Casino, mar oant no ta sûnder resultaat.

Trefwurden: 
Holland Casino staking
(advertinsje)
(advertinsje)