Undersyk nei fjouwer ynsidinten mei F-16's yn Irak en Syrië

It is net út te sluten dat der ek Fryske F-16-piloaten belutsen binne by it ûndersyk dat it Iepenbier Ministearje docht nei gefallen wêrby't militêren mooglik oer de skreef gong binne by it bombardearjen fan IS yn Irak en Syrië. De NOS meldt dat it Iepenbier Ministearje ûndersyk docht nei fjouwer gefallen wêrby't in ûnbekend oantal boargerslachtoffers fallen is.
Dúdlikheid
It is goed dat it Iepenbier Ministearje dit ûndersyk docht, seit ferslachjouwer Hayo Bootsma. It jout de piloaten dúdlikheid, en it soarget ek foar dúdlikheid by eventuele slachtoffers. Undersyk op de grûn sil dreech wêze, mar as it goed is, hat Justysje de beskikking oer de gegevens fan de kamera's en sensoaren dy't yn de fleantugen sitte. Dêrmei moatte se sjen te achterheljen wat der krekt bard is.
Undersyk
It ûndersyk fan Justysje rjochtet him op fjouwer ynsidinten. Wêr of wannear't dy krekt plakfûn ha, dat wol it Iepenbier Ministearje net sizze. It giet om in saneamd feite-ûndersyk. As dêrút blykt dat militêren wat ferkeard dien ha, kin Justysje in strafrjochtlik ûndersyk opstarte.
Earder hat Justysje ek al ris sokke ûndersiken dien, seit ferslachjouwer Hayo Bootsma, mar dy ûndersiken ha nea laat ta strafferfolging.