Alyda Norbruis en Tristan Bangma nei WK para-cycling

Alyda Norbruis yn Rio © ANP
Parahurdfytsers Alyda Norbruis fan Oerterp en Tristan Bangma fan Donkerbroek sille ein augustus nei Súd-Afrika foar it wrâldkampioenskip para-cycling. Dy hurdfytskampioenskippen wurde holden fan 31 augustus oant en mei 3 septimber yn Pietermaritzburg.
Tolve atleten binne wis fan dielname, wêrûnder de beide Friezen. It kin wêze dat der noch trije by komme, nei de wrâldbeker. Dy wurdt ein juny yn Emmen ferriden.
"Vol vertrouwen"
In moaiere tarieding op it WK is der net, seit bûnscoach Eelke van der Wal. "Na twee enorm succesvolle World Cups in Italië en België, waar Nederland het landenklassement beide keren won, gaan we vol vertrouwen werken richting het WK" seit Van der Wal. "De selectie is vroegtijdig gemaakt, zodat de renners de ruimte krijgen om zich optimaal voor te bereiden op het WK eind augustus in Pietermaritzburg."