Elma de Vries wint goud op de ôffalkoers by it NK skeelerjen

02 jun 2017 - 20:20

Elma de Vries fan De Haule hat freedtejûn de ôffalkoers wûn op it NK skeelerjen. Se pakte healweis de race in ronde foarsprong en joech dy net mear fuort. Bianca Roosenboom wûn de sprint yn in groepke fan trije en waard twadde. Manon Kamminga út Haulerwyk waard tredde. Berber Vonk út Appelskea einige krekt bûten it poadium.

By de manlju wûn Luc ter Haar, foar Ruurd Dijkstra (Nijeholtwâlde) en Ronald Haasjes.

Trefwurden: 
NK skeelerjen Elma de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)