SP docht net mei oan gemeenteriedsferkiezingen Ljouwert

SP
De SP docht yn Ljouwert net mei oan de gemeenteriedsferkiezingen fan novimber. Guon SP-kandidaten ha har oansletten by Feriene Lofts. It giet om Jan Hubers en Dik van Vliet. Addy Stoker lûkt de list fan Feriene Lofts.
Njonken Ljouwert, wurde der yn novimber ek gemeenteriedsferkiezingen holden yn Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. It giet om gemeenten dy't ûnderdiel binne fan in weryndieling. Oare gemeenten kieze takom maart in nije ried.