Tjalling van den Berg: Coaching-ynsidint is út ferbân lutsen

02 jun 2017 - 19:52

Mental coach Tjalling van den Berg fynt de opskuor oer syn wize fan coaching by in 'weerbaarheidstraining' fan jeugdspilers fan fuotbalklup SC Hearrenfean út syn ferbân lutsen. Neffens him wie it de bedoeling om it team in prikkel te jaan en hat de training ta in goed resultaat laat. Van den Berg krige krityk nei't der in filmke op social media ferskynde, wêryn't de spilers ferbaal flink oanpakt waarden.

Van den Berg fynt de krityk net terjochte. "As je traine, krije je mei allegear soarten coaching te meitsjen. Mei freonlike coaching, mar soms ek coaching om de boel op skerp te setten. Elkoar de wierheid sizze." Dat heart der neffens him by, en yn syn training rint er dêr net foar wei.

Sjoch foar it folsleine ynterview mei Tjalling van den Berg op de side fan Fryslân Hjoed.

Trefwurden: 
Tjalling van den Berg
(advertinsje)
(advertinsje)