Makkum Art: Kulturele keunst-trijedaagse

02 jun 2017 - 19:29

In grut trijedaags keunstfestival mei sang, dûns, muzyk, literatuer en byldzjende keunst, dat is Makkum Art. Freed sette de eerste edysje fan it festival ûnder grutte belangstelling útein. Doarpsgenoate en deputearre Sietske Poepjes die de iepenings op 'syn Makkums': frij en leechdrompelich. Krekt dat is ek de basis fan dit festival, dat folslein troch lokale frijwilligers op poaten set is.

Op tal fan lokaasjes yn it doarp binne útstallings en foarstellings te sjen: yn tsjerkjes en kafees, yn bedriuwsromtes en by partikulieren sa as de tún fan de toskedokter. It festival Makkum Art duorret noch oant en mei snein.

Trefwurden: 
Makkum Makkum Art
(advertinsje)
(advertinsje)