FIDEO: Epke Zonderland wol nei Olympyske Spelen yn Tokio

02 jun 2017 - 18:38

It hat nei de Olympyske Spelen yn Rio wat rêstich west rûn turner Epke Zonderland. Hy hat him sûnt dy tiid rjochte op syn stúdzje, syn brulloft en hy hie wat lytse blessueres. Zonderland docht oer twa wiken lykwols mei oan de Nederlânske kampioenskippen, nei alle gedachten op rekstôk en brêge. 

"De NK binne in moaie wedstriid om wer te begjinnen, om te sjen wêr't ik stean", seit Epke. Hy traint net spesifyk foar it NK, mar rjochtet him yn earste ynstânsje op de WK yn Montreal, letter dit jier.

Olympyske Spelen

In doel foar de langere termyn is dat Epke yn 2020 graach meidwaan wol oan de Olympyske Spelen yn Tokio, om dêr wer te skitterjen op syn favorite ûnderdielen rekstôk en brêge en om in bydrage te leverjen oan de teamprestaasje. Hy makket lykwols pas takom jier in definitive beslissing oft er ynset op dielname.

Koerswiziging

It ynternasjonale turnbûn FIG hat lykwols in koerswiziging ynsteld foar dielname oan grutte toernoaien. Foaral mearkampers wurde ûnderdiel fan lanneteams, wêrtroch't it foar in spesjalist as Epke dreger wurdt om him te pleatsen foar de EK's en WK's of de Spelen. De wei nei Tokio wurdt dêrom noch in lestich trajekt foar Epke. 

It folsleine ynterview mei Epke Zonderland is te finen op de programmaside fan Fryslân Hjoed.

Trefwurden: 
turnjen Epke Zonderland
(advertinsje)
(advertinsje)