N381 by Oerterp ticht nei autobrân

Op de N381 tusken Oerterp en Donkerbroek is freedtemiddei in persoane-auto folslein útbrând. Branwachtminsken ha de brân blust. Fan de auto is neat oerbleaun. Hoe'it it mei de bestjoerder ôfrûn is, is net bekend.
Der ûntstie in grutte file trochdat de dyk yn de rjochting fan Donkerbroek folslein ôfsletten waard foar it ferkear. In bergingsbedriuw hat de auto fuortsleept.