Spoartunnel Deinum klear
De tunnel ûnder it spoar by Deinum is klear. Auto's en fytsers kinne der trochhinne. It is de nije tagongsdyk nei Deinum foar motorisearre ferkear. De fytstunnel by Pypsterbuorren oan de súdkant fan Deinum is ek hast klear. Beide tunnels meitsje diel út fan it projekt weryndieling Deinum-Boksum. Dat wurdt op 7 july feestlik ôfsletten.