Berber Vonk wint sulver op 1.000 meter by NK skeelerjen

02 jun 2017 - 17:47

Berber Vonk út Appelskea hat freed sulver wûn op de 1.000 meter by it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen op It Hearrenfean. It goud wie foar Bianca Roosenboom, dy't de 300 meter ek al wûn. Beau Wagemaker wûn brûns. Elma de Vries fan De Haule kaam krekt tekoart foar it poadium, se waard fjirde.

Berber Vonk wûn freedtemiddei ek al brûns op de 300 meter.

De titel by de manlju gie nei Remon Kwant, foar Rick Schipper en Luc ter Haar.

(advertinsje)
(advertinsje)