Behanneling easke tsjin messestekker

02 jun 2017 - 17:16

In man dy't ferline jier yn krisisopfang de Blijenhof yn Burgum ien fan de oare bewenners mei in mes delstutsen hat, moat behannele wurde. Dat easke de offisier fan justysje freed by de rjochtbank. De man wie ûnder ynfloed fan drank en drugs en seit dat er it slachtoffer mei fersin mei in grut keukenmes stutsen hat, omdat dy driigjend op him ôfkaam wie. It slachtoffer en twa tsjûgen sizze dat it krekt oarsom wie. De man sit op dit stuit al yn in klinyk en wol meiwurkje oan in behanneling. Justysje easket ek in ekstra lange proeftiid fan fiif jier en in alkohol- en drugsferbod foar de fertochte. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
mishanneling justysje
(advertinsje)
(advertinsje)