Rêders fan âlder echtpear krije medalje

02 jun 2017 - 16:43

Twa Drachtster manlju hawwe fan boargemaster Tjeerd van Bekkum in rêdingsmedalje fan it Carnegiefûns krigen. It giet om de buormannen Pieterson en Van Losser. Yn oktober holpen sy in âlder echtpear dat mei de auto te wetter rekke wie. It echtpear, Wiersma - De Vries, makket it goed. Oan it ûngelok sels tinke se al skoften net mear werom. Se kinne der sels om laitsje. Sa seit frou De Vries dat it har slagge is mei drûch hier oan de kant te kommen.

Ien fan de rêders is Bas van Losser. Hy wie krekt wekker doe't hy de auto it wetter ynriden seach. Hy wie der gau by en koe de frou út de auto helje. Van Losser is bliid dat hy it pear yn goeie sûnens weromsjocht. Wat him it measte bybleaun is, is dat ien fan de omstanners alles filme mar fierder net holp. Helpe soe net mear as gewoan wêze moatte, sa seit Van Losser.

Trefwurden: 
Carnegie Heldenfonds
(advertinsje)
(advertinsje)