Sulver Moniek Klijnstra by NK skeelerjen, brûns Berber Vonk

02 jun 2017 - 16:15

Moniek Klijnstra fan Sint-Jânsgea is twadde wurden op it Nederlânsk kampioenskip inline-skaten op de 300 meter. Se einige op de nije oerdekte baan op It Hearrenfean efter Bianca Roosenboom. Berber Vonk fan Appelskea waard tredde. By de manlju gong de winst op de 300 meter nei Ronald Mulder, krekt foar syn broer Michel. Remon Kwant waard tredde. 

It NK skeelerjen op de baan wurdt holden op It Hearrenfean. De ûnderdielen op de dyk fine plak yn Wolvegea. It toernoai duorret oant en mei snein.

(advertinsje)
(advertinsje)