Sâltwinning Frisia by Tsjummearum stillein fanwege lek

02 jun 2017 - 15:35

Fanwege in lek yn in transportlieding is Frisia Sâlt yn Harns per direkt opholden mei de sâltwinning op de lokaasje Tsjummearum. It giet hjirby om in lek yn de lieding tusken Tsjummearum en Easterbierrum ter hichte fan it wynmûnepark oan de Slachte. Foar de reparaasje, dy't sawat oardel wike duorje sil, moat Frisia trije meter fersmoarge grûn ôfgrave en letter troch farske grûn ferfange. 

Produksje

Omdat ûnder de herstelwurksumheden de sâltproduksje stilleit, wol Frisia ûndersykje oft it sâlt no ek mei frachtweinen fan de boarlokaasje nei it fabryk yn Harns ferfierd wurde kin. Foar dit transport wurdt útgien fan 5 oant 6 frachtweinen yn 'e oere.

Protest

Doarpsbelang Tsjummearum hat yntusken protest oantekene tsjin dizze mooglike oplossing. Foarsitter Van der Mei is benaud dat it transport mei de frachtweinen, dat dei en nacht trochgean sil, ta in soad oerlêst liede sil. 

Trefwurden: 
Fisia sâlt Tsjummearum
(advertinsje)
(advertinsje)