Gjin sel foar 83-jierrige man dy't buorman dearied

02 jun 2017 - 15:16

De 83-jierrige man út Dokkum dy't ferline jier mei syn auto syn 80-jierrige buorman op de fyts deariden hat, hoecht net de sel yn. De rjochter hat de man feroardiele foar dea troch skuld, omdat net bewiisd wurde koe dat er it mei opsetsin dien hat. Doe't er syn buorman tsjinkaam trape er by fersin it gas yn, yn stee fan de rem, hat er altyd sein. De rjochter joech de man fjouwer moanne sel, mar dat hat er al yn foararrest útsitten. Hy krige der noch wol in rydûntsizzing fan in jier by.
 

Trefwurden: 
ûngelok Dokkum justysje
(advertinsje)
(advertinsje)