Ferbod op it swimmen by de slûs fan Marsum

02 jun 2017 - 13:56

De gemeente Menameradiel hat in ferbod ynstelt foar it swimmen by de slûs fan Marsum. Yn de ôfrûne tiid mei de waarme dagen wiene der minsken dy't op dit plak swommen, mar dat mei dus net. De slûs wurdt brûkt foar de rekreaasjefeart. Njonken it illegaal swimmen wurdt de slûs ek nochris illegaal betsjinne. Dit smyt neffens de gemeente steuringen en finansjele skea op. De plysje sil kontrolearje en makket proses-ferbaal op tsjin minsken dy't har net oan de regels hâlde. De skea sil ek op dizze oertreders ferhelle wurde, sa lit de gemeente witte.

Trefwurden: 
Marsum Menameradiel swimme
(advertinsje)
(advertinsje)