"In politikus dy't docht wat er seit, dat is in opluchting"

02 jun 2017 - 13:29

"In politikus dy't docht wat er seit, dat is in opluchting. Mar oft wy hjir no bliid mei wêze moatte, dat wit ik net.'' Dizze dûbelde boadskip wie geregeld te hearren op de Ljouwerter freedsmerk oer it belied fan de Amerikaanske presidint Donald Trump. De VS wolle harren hantekening wer ûnder it klimaatferdrach wei ha, sa waard tongersdei bekend. Trump komt dêrmei in ferkiezingsbelofte nei, mar lit hast de folsleine rest fan de wrâld ferbjustere achter.

"Ik fyn dy man libbensgefaarlik, alle machtsferhâldingen yn ´e wrâld komme op 'e kop te stean. Bah, wat in inge man", wie ien fan de reaksjes. Mar ek: "Earst tocht ik dit is in tûke sakeman, jou him in kâns. Mar no? Nee." Neffens oaren kin it ek in positive omslach betsjutte: "Hy makket sa wol minsken wekker, dat sterket it tsjinlûd."

(advertinsje)
(advertinsje)