Auto botst tsjin beam: Pieter Stuyvesantwei ôfsletten

© Kappers Media
Ferkear op de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert moat op it stuit rekken hâlde mei fertraging. In auto is tsjin in beam oanriden en dêrom is de strjitte fan de Julianastrjitte ôf ticht. De bestjoerster fan de auto rekke ferwûne en is op it plak fan it ûngelok troch ambulânsepersoniel behannele. Dêrnei mocht se wer nei hús.