"Wy krije lange simmerjûnen mei bûtensitterswaar"

Simmer © Omrop Fryslân
It wurdt bûtensitterswaar dizze simmer. Dat ferwachtet altearst waarman Piet Paulusma yn syn jierlikse simmerfoarsizzing. Juny sil neffens Piet earst wol wat in wikseljend waarbyld sjen litte mei sa no en dan ek koel waar, mar der is ek kâns op goed waarme dagen. De gemiddelde temperatuer foar juny sil normaal of krekt wat oan de hege kant wêze. July en augustus wurde neffens Piet waarm, en de waarman ferwachtet ek in tal strândagen yn dizze moannen. "Ik ferwachtsje dizze simmer in flink tal lange, waarme bûtensitjûnen mei waarme nachten. Yn alle gefallen 1 as 2 waarmtegolven sitte der wol yn."
Njonken dizze moaie dagen ferwachtet Piet ek dat der swiere buien mei oerlêst oer ús hinne komme. Hjirmei bedoelt er buien mei hagel, wynstjitten en wetteroerlêst.

De simmerfoarsizzing is ta stân kaam troch nei it streamingspatroan fan de ôfrûne oardel jier te sjen. Hjirby wurdt ek rekken hâlden mei de opwaarming fan de ierde en de ûnderfinings dêrmei. As ekstra bonus seit Piet Paulusma dat er ek noch gebrûk makket fan "eigen ûnderfining en gefoel."