Ljouwerter (28) oanhâlden mei laden fjoerwapen

02 jun 2017 - 11:59

De plysje hat tongersdeitejûn yn Ryptsjerk in 28-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't in laden fjoerwapen yn syn besit hie. De plysje krige ynformaasje binnen oer it mooglike wapenbesit en koe de man oan de Westerdyk yn it doarp oanhâlde.

De plysje docht op it stuit noch ûndersyk nei de saak.

Trefwurden: 
Ryptsjerk wapen plysje
(advertinsje)
(advertinsje)