Grutte rêdingsaksje foar trije reekealtsjes

In bysûndere rêdingsaksje tongersdeitejûn by Aldegea Smellingerlân. De brânwacht moast dêr útrukke foar in trijetal reekealtsjes dy't fêst sieten yn it driuwsân by in baggerdepot. De jonge bisten wiene dreech te berikken, om't se net oan de râne fan it driuwsân deryn sakke wiene, mar hast yn it midden. Mei in protte pine en muoite is it de brânwacht slagge om by de reekealtsjes te kommen en om se út de gefaarlike drek te heljen. Hjirby is in soartefan opblaasbere brankaar as slikslide brûkt om oer it driuwsân by de reekealtjes te kommen.
De bisten binne yn in wenning tichtby it baggerdepot skjinmakke en hawwe dêr ek iten krigen. Hjirnei binne se nei de râne fan it bosk brocht yn de hoop dat de mem har kealtsjes wer fynt. It is net dúdlik oft dit slagge is.