Trije tunnels yn dyk N359 fan Boalsert nei Ljouwert

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De N359, de dyk fan Boalsert nei Ljouwert, krijt dochs trije tunnels. Dy komme by de krúspunten Boalsert-Noard, Burchwert en Wommels-Noard. Earder stelde de provinsje tolve miljoen beskikber om de krúspunten oan te pakken. Om de tunnels yn de dyk oanlizze te kinnen, wol de provinsje no seis miljoen euro ekstra ynvestearje. De provinsje hat noch sjoen nei oare oplossingen by de krusingen, lykas in rotonde of in fiadukt, mar seit dat tunnels feiliger en dêrmei needsaaklik binne.
As alles neffens de planning ferrint, kin ein 2019 mei de earste wurksumheden begûn wurde. Yn 2021 moatte alle trije tunnels dan klear wêze.