Fragen oer rotonde op de N919 by Easterwâlde

02 jun 2017 - 11:24
Easterwâlde - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Eaststellingwerfs Belang stelt de oanlis fan de rotonde op de krusing N919 - Rijweg yn Easterwâlde ter diskusje. Neffens de provinsje is in rotonde feiliger foar fytsers en oersichtliker foar it trochgeande ferkear. Neffens Eaststellingwerfs Belang moat dat earst better ûndersocht wurde en is in Ovonde mooglik in better alternatyf. Dy soe noch feiliger wêze en ek de trochstream noch mear ferbetterje. De kar foar in rotonde is neffens de partij benammen in finansjele kar. De partij hat dêroer in brief skreaun oan Deputearre Steaten en Provinsjale Steaten.

(advertinsje)
(advertinsje)