Taksy Waaksma wint koart pleit oer oanbesteging ferfier

02 jun 2017 - 11:18

Taksybedriuw Waaksma fan Koatstertille hat it koart pleit wûn oer de oanbesteging fan it doelgroepferfier. De seis gemeenten yn Noardeast-Fryslân dy't it ferfier gund hawwe oan fjouwer oare partijen as Waaksma, hawwe in flater makke yn de proseduere, sa seit de rjochter. Neffens Waaksma soene de oare partijen ûnder de kostpriis wurkje, en dat mei net. De rjochter seit dat de gemeenten dat swart op wyt freegje moatten hienen oan dy partijen en dat is net bard.

Waaksma begûn it koart pleit út soarch foar it personiel. It wie lang net wis oft dat wol mei oer koe nei de nije oanbieders. Wat de gefolgen fan de útspraak binne, is noch net dúdlik. De gemeenten moatte har dêr noch oer bûge.

(advertinsje)
(advertinsje)