Steatelid giet net fierder mei fraksjemeiwurker om wapenfoto

02 jun 2017 - 11:12

Steatelid Jitske Eizema fan de Fryske Frijheids Partij giet net fierder mei har fraksjemeiwurker, dy't oardel wike lyn ûnder fjoer lei. Dat kaam omdat er in foto mei wapens pleatst hie op Facebook. Eizema hat de man nei eigen sizzen frege yn de takomst hoeden om te gean mei it pleatsen fan ynformaasje op ynternet. De meiwurker woe dêryn absolute frijheid hâlde. Dêrom nimme se no ôfskied fan elkoar.

Nei oanlieding fan de foto mei wapens stie de plysje by de fraksjemeiwurker thús yn Blije op de stoepe. Se koene lykwols gjin wapens fine. De man is ek presidint fan it Frysk Heidens Front. De beweging stiet foar it behâld fan de eigen kultuer en tradysjes en neamt harsels nasjonalistysk.

Yn it ferline wie de man meiwurker fan de Centrum-Democraten. Yn dy tiid waard er yn 1994 feroardiele fanwegen ferbean wapenbesit.

(advertinsje)
(advertinsje)