Alkohol- en drugsbelied T'diel en A'karspelen moat konkreter

(foto as yllustraasje) © Omrop Fryslân
It op jongeren rjochtte alkohol- en drugsbelied fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen moat konkreter. It is no te globaal en net goed mjitber. Dat stiet yn in rapport fan de rekkenkeamerkommisjes fan beide gemeenten. Se moatte dudliker oanjaan wat se krekt fan doel binne en wat se berikke wolle. De gemeenterieden kinne dan better kontrolearje at it belied ek konkrete resultaten opsmyt.
Ut it ûndersyk docht ek bliken dat it grutste part fan de ûnderfrege minderjierrigen alkohol drinkt. Se komme oan de alkohol fia freonen, broers of âlders. De rekkenkeamerkommisjes fine dêrom dat de jeugd sels en har âlders mear belutsen wurde moatte by it gemeentlik alkohol- en drugsbelied. At jongeren sels meitinke en meidogge, is de kâns grutter dat it belied har mear oansprekt en dat der sa mear berikt wurdt, tinke de rekkenkeamerkommisjes.