Sander van de Streek makket oerstap nei FC Utrecht

02 jun 2017 - 10:45

Middenfjilder Sander van de Streek fan SC Cambuur ferlit Ljouwert en makket de oerstap nei FC Utrecht. De 24-jierrige fuotballer tekenet in kontrakt foar fjouwer jier by de Utrechters. De ôfrûne wiken hawwe beide klups tegearre yntinsyf ûnderhannele oer Van de Streek. Yn earste ynstânsje like in oerienkomst noch fier fuort. Der siet in grut ferskil, ûngefear fjouwer ton, tusken wat Cambuur foar Van de Streek frege en wat Utrecht betelje woe. ''We binne der no út'', sa fertelt technysk direkteur Gerald van den Belt. De middenfjilder moat der no sels noch útkomme mei syn nije ploech. Ek moat er noch in medyske keuring ûndergean.

Van de Streek kaam oarspronklik út de jeugd fan Vitesse, mar begûn syn karriêre yn 2013 yn Estlân. Dêrnei kaam er trije jier út foar Cambuur. Yn 94 kompetysjewedstriden skoarde er 33 kear. Benammen yn it ôfrûne seizoen wie Van de Streek suksesfol, mei yn totaal 22 goals yn de Jupiler League.

(advertinsje)
(advertinsje)