Ljouwerter (29) rekket ferwûne by fjochtpartij

02 jun 2017 - 10:21

In man fan 29 jier út Ljouwert is tongersdei oan de ein fan de middei ferwûne rekke by in fjochtpartij yn it Rengerspark yn de stêd. De plysje hie in melding krigen oer de fjochterij en trof it slachtoffer yn it park oan. Hy hie ferwûnings oan de holle.

De man woe net sizze wat der krekt bard wie. De Ljouwerter is nei it sikehûs brocht foar behanneling.

Trefwurden: 
Ljouwert fjochtpartij plysje
(advertinsje)
(advertinsje)